Wat oaren skriuwe

Leave a comment

In puber wol in perfekte hûd (PDF)

———————–

Skamte en Skuld

- resinsje fan Tryntsje van der Steege – freed, novimber 25th, 2011

De gûlende sirene yn de earste sin fan Skamte, it nijste boek fan Auck Peanstra, lûkt de lêzer fuort it ferhaal, en de holle fan de haadpersoan yn. Anke sit yn de auto efter de sikewein oan dy’t har sechtjin-jierrige dochter Debby ferfiert. Debby hat harsels tekoart dwaan wollen en Anke hat har bewusteleas op bêd fûn. De panyk dy’t dizze situaasje teweibringt is hast taastber yn de earste pear haadstikken fan Skamte. Troch koarte sinnen, springerige gedachten en meallende fragen wurdt de moedstastân fan Anke foarmjûn; de noed om har bern, de argewaasje om minsken dy’t net like hastich binne as sy, en it stûkjende automatisme fan deistige dingen: ‘Panikerich fyn ik mysels in skoftke letter werom, fêstrûn yn it moarmeren labyrint. Wat sei dat minske ek alwer? Ik bin it kwyt. Ik moat werom. De triennen glide my by de wangen del. Debby, wêr is myn Debby?’ (s. 12)

Doe en No
Pas nei it fiifde haadstik, at Debby teplak leit yn har sikehûsbêd, har tastân stabyl is, mar se keunstmjittich yn koma hâlden wurdt, feroaret it koartamige ritme fan it ferhaal yn in weagjende beweging fan de ûnderfinings fan de dochter en de oantinkens fan de mem dy’t elkoar ôfwikselje. Op ’e siik nei antwurd op de fraach wat Debby ta har died brocht hat bemachtiget Anke it deiboek fan Debby. Oan de hân fan fragminten út dit deiboek rekonstruearret Anke de oanrin nei Debby har wanhoopsdied en tagelyk har eigen jeugd. Mem en dochter ha beide de hûdsykte psoriasis, wat soarget foar dielde ûnderfinings, dy’t hja lykwols net winliken mei elkoar dield ha.

De deiboeknotysjes fan Debby oer dokters- en sikehûsbesiken, gymnastyklessen op skoalle, jierdeifeestjes yn it swimbad, kappersôfspraken en jonges liede allegear ta lyksoartige ferhalen út Anke har jeugd oer deselde ûngemaklike situaasjes. Somtiden fertelt Anke fierder oer Debby wêr’t har deiboek ophâldt, om it ferfolch fan de beskreaune foarfallen te ferdúdlikjen, faker lykwols jout se har eigen ferzje fan sa’n foarfal, al as net by Debby yn it sikehûs. Wat it ferhaal fan Debby oangiet wurdt it op dizze manier moai yn in kontekst pleatst, en har eigen werjefte yn it deiboek jout in treffend byld fan it libben en de lêst fan dit sechtjinjierrige famke. It ferhaal fan Anke oan de oare kant fernuveret allinnich mar, want hoe is it mooglik dat mem krekt itselde mei- en trochmakke hat en dit net werkent yn har bern, en net iens de oantrún fielt om har hjirmei te stypjen?

Skamte en Skuld
It is hiel frjemd dat Anke net earder snapt hat dat Debby har de hûdsykte sa oanlûkt en har der sa bot foar skammet tsjinoer oaren, just omdat se alles sels krekt sa meimakke hat. It deiboek docht bliken dat Debby har mem gauris ferrifele hat, mar ek dat die Anke eartiids sels mei har mem. Nei alle gedachten is it Anke har eigen skamtegefoel oer de hûdsykte dat har derfan wjerhâldt der mei har dochter oer te praten. Mar mear noch dan skamte spilet no har skuldgefoel op; ‘Hoe goed ken ik myn dochter eins. Hoe kin it dat minsken dy’t sa ticht by elkoar wenje sa’n bytsje fan elkoar witte. Yn grutte stêden is soks gewoan, mar hjir, by ús thús… Oan de oare kant, ik haw altyd sein dat ik net in mem wêze wol dy’t de bern neirydt. Ik woe har eigen ferantwurdlikheid jaan: kleanjild, ôfspraken meitsje. Ik miende dat it sa goed tusken ús wie, skepte der sels oer op tsjin freondinnen. Ik bin tekoart sketten. Dat docht sear’ (s. 50). En letter: ‘Hoe blyn kinst wêze datst wol each hast foar de problemen fan bern by dy op skoalle, mar datst dy fan dyn eigen oer de holle sjochst?’ (s. 136).

Lykas it skamtegefoel is it skuldgefoel meardielich. De skamte jildt net allinnich de psoriasis, mar komt ek om de hoeke sjen as it nijs fan wat Debby harsels oandien hat oan oaren bekend makke wurde moat, en stekt sels de kop op as Anke werom tinkt oan de seksuele foarljochting eartiids by har op de basisskoalle. It skuldgefoel is hielendal in mearkoppich meunster. Anke fielt har skuldich oer it tekoart oan omtinken dat se har bern jûn hat, oer it net by har wêze kinne bûten de besykoeren fan it sikehûs, fansels oer it lêzen fan it deiboek, en op seker momint sels oer har eigen oandiel yn Debby har sykte: ‘De skuldfraach twong him by my op, hiene wy gjin bern krije moatten? Hie ik dit in minske oandwaan mocht? Ik hie libbe mei de stille hope dat it in geslacht oerslaan soe, krekt as by ús mem. Om ’e nocht, dus’ (s. 118).

Mem en Dochter
It is benammen de relaasje tusken mem en dochter dy’t sintraal stiet yn Skamte. De rollen fan heit Cor en soan Jorn binne beheind. De mannen binne oanwêzich, thús en yn it sikehûs, mar harren karakters en gefoelens oer Debby har tastân bliuwe wat plat. Eins ha se allinnich in gruttere rol yn de earste haadstikken, dêrnei giet it foaral hinne en wer tusken mem en dochter. As der al ien famyljelid mear oanwêzich is dan is it Anke har eigen mem dy’t al tolve jier wei is, mar dy’t no in soad yn har gedachten is. Yn de oantinkens oan Anke har eigen ûnderfinings mei de hûdsykte as puberfamke spilet ek de relaasje mei en de bemuoienis fan har mem in grutte rol. De skiednis werhellet him, al wie Anke eartiids wat iepener tsjinoer har mem en wat fûler yn har reaksjes tsjin oaren, wylst Debby alles wat mear liket op te potten en har sels net bleat jout tsjinoer har freondinnen. It is krekt as hie Anke mear stipe oan har mem dy’t gjin eardere ûnderfining hie mei de hûdsykte as Debby hat oan in mem dy’t presys wit hoe’t it fielt. Want dochs bekrûpt jin – ek nei wat der bard is, en alle gefoelens fan skuld en skamte nettsjinsteande – it gefoel dat Anke noch hieltyd net hielendal oanslút by har bern. As út it deiboek blykt dat Debby har skoalleresultaten net al te bêst wiene, mimeret Anke fierder oer it jierdeifeestje yn it swimbad dat yn itselde fragmint neamd wurdt. Wylst Debby har drok makket om har takomst, bliuwt Anke wat hingjen yn it ferline – faaks út machteleazens. Se kin net oars as weromtinke, want foarút sjen is faaks te beëangjend. Men wit pas wat men mist as je it kwyt reitsje – of kwyt driigje te reitsjen.

Al mei Al
De styl fan Skamte is soepel, sels humoristysk hjir en dêr, en út Debby har deiboekfragminten en Anke har tinzen blykt dat mem en dochter in droech gefoel foar humor diele. Auck Peanstra jout romte oan de eigenaardichheidsjes fan taal; it ‘oanklaud’ wêzen mei in sykte as psoriasis, it jin de bûsen útskuorre wylst je oan it swimmen binne, en it waskguod dat net wist wat him oerkaam doe’t it as ôflieding op tige kreaze steapeltsjes kaam. Troch dizze heldere en ljochte manier fan fertellen wurde swiere ûnderwerpen as selsmoard, skamte en skuld draachlik en ynfielber.

Fierders falt op dat it uterlik fan de personaazjes net wiidweidich beskreaun wurdt, en dat ek de karakters mear ôf te lêzen binne út hoe’t der hannele wurdt as dat se eksplisearre wurde. Wat my oanbelanget wurde dizze personaazjes yn al harren algemienheid des te werkenberder, en des te oangripender omdat it elkenien wêze koe.

Al mei al hat Auck Peanstra mei Skamte in tige oangripend boek ôflevere, mei oansprekkende problematyk en personaazjes, en lokkigernôch – mei ik dat ferklappe? – in goed ein.

Auck Peanstra Skamte Afúk – isbn 9789062738854

Resinsje Skamte

Hetty Nienhuis – Heit en mem nr.3 2011

Resinsje fan Hetty Nienhuis yn it blêd Heit en mem – nr 3 – 2011

Ut de boekekast fan Hetty Nienhuis

‘It boek sprekt fuort oan mei dy moaie cover. Dy soerstokrôze letters en dat frommeske foarop: it eaget strak en eigentiidsk.’ Oan it wurd is Hetty Nienhuis, sy studearret part-time Nederlânsk., is fulltime mem fan soan Fré (2) en troud mei Arjan. Fré leit lekker te koesen en Arjan is oan it wurk dus alle tiid om fierder te praten oer de roman Skamte skreaun troch Auck Peanstra.

‘Ik koe de skriuwster wol fan de Tomkeboekjes mar dat sy ek foar folwoeksenen skreau, wist ik noch net. Skamte lêst hiel flot en der stean net in soad slimme wurden yn. Ik fûn it in moai boek’, fertelt Hetty. Mem en dochter ha beide lêst fan psoriasis, in hûdsykte. Beide froulju meitsje itselde mei mar nettsjinsteande dat wit de mem har dochter dochs net genôch te stypjen. Bang om har op ’e hûd te sitten mei goede rie. As de dochter harsels tekoart dwaan wol en yn it sikehûs belânet, fertelt mem oan dochter Debby oer har eigen striid mei psoriasis. ‘De ferteltrant is nofteren en dêrtroch somtiden ek hiel hilarysk. Ik ha sels lêst fan ekseem en herkende wol wat yn it boek. It famke besiket bygelyks fan alles om fan har psoriasis ôf te kommen, de sinnebank, salve en neam mar op. En dokters dy’t sizze: “Succes ermee. Je moet er maar mee leren leven!”, en dy dan wer gean litte. Fansels, sy ha gelyk, der binne slimmer dingen!’

Skamte is in boek dat foaral jonge fammen en memmen fêst tige oansprekke sil. De bân tusken mem en dochter stiet sintraal. In moai boek om te lêzen, seit Hetty. ‘Werris wat oars as de boeken dy’t ik foar myn stúdzje lêze moat!’

printeboek fan it jier.

Krûpelhintsjes.

Om bern en foarlêzers alfêst op ’e smaak te bringen hat de Stichting It Fryske Berneboek in printeboek fan it jier útkeazen. Dat is Krûpelhintsjes, skreaun troch Auck Peanstra. Oare wurden foar krûpelhintsjes binne bygelyks ingeltsjes, leavehearsbistkes, geloksbistkes, kofjemooltsjes en sa mear. Wisten jim dat der noch folle mear nammen betocht binne foar dy prachtige lytse reade bistkes mei swarte stippen? Sjoch mar ris by ingel yn it Frysk wurdboek! It printeboek Krûpelhintsjes stiet fol mei nije ferskes foar pjutten en beukers. Om foar te lêzen, op te sizzen en te sjongen. En mei de prachtige printen der by is it boekje ek tige geskikt om mei de bern te besjen en oer te praten.

(besjen? pag. 1, 2, 3, 4, 5, 6, 7  t/m 36)

Krûpelhintsjes.

Skreaun troch: Auck Peanstra.

Yyllustraasjes: Yke Reeder.

In boek mei ferskes en opsisferskes foar jonge bern. De ferskes, yn kombinaasje mei de prachtige, kleurige yllustraasjes fan Yke Reeder, hawwe fan it boek in bysûnder printeboek makke. De tekeningen binne in oanfolling op de tekst en op alle siden is in krûpelhintsje (leavehearsbistke) ferstoppe.

Kinsto se fine? Guon fan dy ferskes binne op muzyk set troch Oane Peenstra.

Utjouwer: Afûk, Ljouwert.

Priis: €9,95

———————–

Op 20 febrewaris 2008 waard yn it gemeentehûs fan Drachten de tredde Rink van der Velde-priis takend oan it boek ‘Sitebuorren, myn eigen paradys’. Sjueryfoarsitster Jannie van der Kloet lies dêr it folgjende it rapport foar.

————————

Oane Peanstra `Herinneringen aan Sitebuorren 48 onder Grou`. In ferslach oer de skiednis fan Sitebuorren: it plak, de bewenners, it nei skoalle gean, de húshâlding ensfh.

It ferslach is yllustrearre mei ferskate foto’s, klik hjir foar de PDF (±11MB), of klik mei de rjochtermûsknop, en kies: doel opslaan as.

————————

Fraachpetear mei Henk van der Veer en klik hjir foar de PDF.

yn de Moanne nr. 8 – 2007 side 24 t/m 27 www.demoanne.nl

————————

Resinsjes:

De Grouster 15-12-2008, `Skriuwster giet werom nei bernejierren Sitebuorren`
Friesch Dagblad 16-02-2008, `Earbetoan oan in berneparadys`

Weromsjen oer de brek

út farsk nûmer 103, www.farsk.nl

A.IJ. van den Berg

It fernuveret my altiten wat dat der yn Nederlân safolle boeken binne oer de jeugd fan ien. Of it no om fiksje giet, of om in autobiografy, altiten is der omtinken by de rûs foar de bernejierren. Wylst der no krekt hast noait wat bysûnders te sizzen is oer dizze perioade. De dekors lizze fêst, mei de sitewaasje thús, dy op skoalle, en op syn bêst nochris it boartsjen bûten. En de personaazjes binne dêrmei ek bekend. Hjir hiel ferrassend op fariearjen kin hast net. Pas as it ien wol slagget wat eigens te dwaan mei it tema, falt op hoe krêftich it eins is. En Auck Peanstra hat in sterk boek skreaun, mei har oantinkens oer har jeugd op Sitebuorren. Dat wie doe in lytse mienskip op in eilân, eastlik fan Grou. Foar in bern is alles gewoan, dus ek it libben op in isolearre pleats yn ’e jierren fyftich. Sels as dêr doe pas de twintichste ieu oanbriek, omdat der sa let elektrisiteit kaam, en wetterlieding. Sy krijt ek amper mei dat der dêrtroch fan alles feroaret, dêr wie se krekt te lyts foar. Mar wol moat de jonge Auck bygelyks al betiid roeien leare, om fan it hiem ôf komme te kinnen en nei skoalle te gean. Dit boek wie foar my fral sa aardich om’t de skriuwster har kleurde oantinkens, en dêrmei har langstme, ôfset tsjin ferslaggen út dy tiid sels. Der binne nammentlik ynienen brieven opdutsen fan doe. Brieven fan har mem oan in stazjêre. Beide froulju leinen inoar goed, dus waard der mear útwiksele as allinne de beleefdheden. En dêrtroch blykt dat Sitebuorren folle minder in paradyske west hat as Auck Peanstra by stie. It boerebestean kent noch altiten in soad ûnwissichheden, mar foar in lytse pleats op in eilân jildt dat noch mear, mei alle gefaren fan wetteroerlêst der noch by. Troch dat dy brieven fan har mem foar it grutste part opnommen binne, krijt dit boek in heldere foarm. Boppedat rikt de ynhâld Peanstra de mooglikheid oan om oer alle aspekten fan it libben op Sitebuorren te skriuwen. Sels oer de tiid foar’t sy berne wie. Njonken in portret fan har bernetiid wurdt dit boek dêrmei ek in earbetoan oan har mem. En in ûntskuldiging hast, fan hie ik hjir mar earder fan witten. Foar my, mei myn eftergrûn as kultuerhistoarikus, hie dit boek boppedat noch in pear ynteressante ekstra’s. Ik bin fral ynteressearre yn wat minsken as normaal ûnderfine, of ûnderfûn ha yn it resinte ferline. En troch Peanstra learde ik bygelyks hoe let de moderne tiid pas oanbruts yn de mear isolearre parten fan Fryslân. Dêrnjonken wiene sels har oantinkens ynteressant oan de sa ferfelende útfanhûzerij, as de fearten ticht ferzen wiene, en der net gewoan fan skoalle nei hûs te gean wie. Ik lear dêr dan wer út dat guon hjir noch ta yn de jierren sechstich yn in alkoof slepten. En dan ek noch net iens plat op ‘e rêch, mar heal sittend, mei in soad kessens yn ‘e rêch. Nederlân wie let mei it ôfskaffen fan it bêdstee en it alkoof, sa hat Ileen Montijn my leard, mar dat se noch salang yn gebrûk west hawwe, fernuveret my dan dochs. By elts paradysferhaal heart ek in ferdriuwing út de hôf. Yn dit boek fynt dy sels op ferskate manieren plak. Tsjintwurdich hat it Fryske Gea grutte stikken lân om Sitebuorren hinne, yn besit, en wurdt der net mear sa buorke as doe. Werom gean, kin allinne dêrom al net. De wrâld leit der no hiel oars by. Mar ek al doe’t Auck en har famylje der noch wenne, kaam de bûtenwrâld hieltiten tichter by, troch de oanlis fan wegen. Der waard in polderdyk trochlutsen fan Oudega ôf, dy’t it isolemint ynienen ferbruts. En Auck Peanstra krige dan miskien noch wat brieven fan har mem werom, mar der wie mar in lyts tal fan dy tiidskapsulen. Al gau waard it foar har mem makliker om eefkes mei har freondinne te telefonearjen. Letter ferfarre de famylje nei in pleats ûnder Warten. Auck Peanstra hat mar oant har fjirtjinde op Sitebuorren wenne. Letter waard se beukerliedster en begûn se berneboeken te skriuwen. Ik begûn dizze beskôging mei de wurden dat ik net begryp wêrom yn boeken altiten oer ien syn jeugd gean moat. Mar it antwurd op dy fraach is fansels net sa dreech. Weromgean nei it ferline kin net. Weromsjen kin allinne yn oantinkens, of troch dy oantinkens ta in boek út te wurkjen. Net faak gebeurt dat sa boeiend as yn Sitebuorren, myn eigen paradys. Faaks ek om’t de bernetiid fan de skriuwster him op it brekflak fan twa tiidrekken ôfspile hat.

Boeklog, `Sitebuorren myn eigen paradys`
Leeuwarder Courant, 05-10-2007, `Sitebuorren myn eigen paradys`
Frysk en Fry, dec. 1997, `Yn piama de dyk oer`

Comments are closed.