Lêzings en sa

Leave a comment

Auck Peanstra jout graach lêzings oer har wurk. Se fertelt oer har skriuwen, de ynspiraasje en har wize fan wurkjen. Dat alles ljochtet se ta mei foarlêzen út eigen wurk, fierder is der altyd gelegenheid ta it stellen fan fragen.

Programma’s:
• “Yn piama de dyk oer”.
It tema fan dit boek is demintens (dementie) en giet oer in famke dat meimakket dat har beppe yn de bernskers rekket. In program dêr’t humor en earnst elkoar ôfwikselje.

“By beppe yn ’t bedstee”.
Dit ferhaal spilet yn de jierren tweintich (1920). It jout in aardich byld fan dy tiid en is dêrtroch hiel geskikt foar in âlder publyk.

“Sitebuorren myn eigen paradys”.
Dizze lêzing giet oer in bernetiid yn de jierren 50; oer it buorkjen, it húshâlden en boartsjen yn dy tiid. In program dat tige werkenber is en in soad oantinkens oan eigen jeugd oproppe sil.

Krystferhalen.
In krystprogram mei selskreaune ferhalen en foardrachten, en wurk dat troch Auck oersetten is.
In programma duorret 2 kear 45 minuten, dit kin sawol op middei of op jûn.

Tegearre mei har broer Oane it programma:

• “Kenne jo dizze noch?’ In program foar âlderen mei ferhalen, foardrachten en lietsjes.

Auck fertelt koarte, humoristyske ferhalen út har eigen boeken, se lêst fleurige selsskreaune fersen foar en docht âlde bekende foardrachten as ‘Der wie ris in âld wyfke’, ‘Buerfrou’s kipen’ en oaren.

Oane hâldt fan sjongen en noeget de minsken út om mei te dwaan. Hy hat in hiele list fan benammen skoallietsjes dy’t âldere minsken allegear kinne fan harren bernejierren. Maklik en wat dreger, Frysk en Nederlânsk, koart en lang, fan alles wat.

In greep út de lietsjes:
Daar was laatst een meisje loos, Berend Botje, Myn Berber, Silerssankje,Skipperssankje (Ferjit my net), ‘k Zag twee beren, En ik ben met Catootje naar de Rozenstraat geweest, Us pake syn klok, Wâldsang, Op de grote stille heide, In het groene dal, Simmermoarn (Wat bisto leaflik), Klein vogelijn! op groene tak, Daar kwam een boer uit Zwitserland, Advocaatje ging op reis, Kortjakje, Mooi Ietje Fietje, Papegaaitje leef je nog?, Moarn sill’ wy de jouwer slaan, It muzyk giet troch de buorren, Ik heb mijn wagen volgeladen

By spesjale gelegenheden passe we de lietsjes oan.

Foar mear ynformaasje: info@auckpeanstra.nl

Comments are closed.