Nij diel fan de Traveliers

Posted by Peanstrakofje in Geen categorie | Leave a comment

Yn jannewaris 2012 ferskynt ‘Kantsjeboard op Kurasau’ by de Afûk.
Wer in spannend avontoer yn de searje fan De Traveliers.

Koarte omskriuwing:

Yn harren fakânsje op Kurasau fine Hidde en Fardau, ferburgen yn in âld hutte, swiere drugs. Ut nijsgjirrigens nimt Fardau in pûdsje mei. Dom fansels, want de eigener, in krimineel, komt harren op it spoar. Hy ûntfiert de bern en bringt se nei in grot oan de kust. Se sjogge kâns om te ûnkommen en flechtsje yn panyk de oseaan op. Mar, yn it roeiboatsje lizze gjin riemen de ôfwaaiende stream is sterk…

Resinsje Skamte yn Heit en mem

Posted by Peanstrakofje in Geen categorie | Leave a comment

Resinsje fan Hetty Nienhuis yn it blêd Heit en mem – nr 3 – 2011

Ut de boekekast fan Hetty Nienhuis

‘It boek sprekt fuort oan mei dy moaie cover. Dy soerstokrôze letters en dat frommeske foarop: it eaget strak en eigentiidsk.’ Oan it wurd is Hetty Nienhuis, sy studearret part-time Nederlânsk., is fulltime mem fan soan Fré (2) en troud mei Arjan. Fré leit lekker te koesen en Arjan is oan it wurk dus alle tiid om fierder te praten oer de roman Skamte skreaun troch Auck Peanstra.

‘Ik koe de skriuwster wol fan de Tomkeboekjes mar dat sy ek foar folwoeksenen skreau, wist ik noch net. Skamte lêst hiel flot en der stean net in soad slimme wurden yn. Ik fûn it in moai boek’, fertelt Hetty. Mem en dochter ha beide lêst fan psoriasis, in hûdsykte. Beide froulju meitsje itselde mei mar nettsjinsteande dat wit de mem har dochter dochs net genôch te stypjen. Bang om har op ’e hûd te sitten mei goede rie. As de dochter harsels tekoart dwaan wol en yn it sikehûs belânet, fertelt mem oan dochter Debby oer har eigen striid mei psoriasis. ‘De ferteltrant is nofteren en dêrtroch somtiden ek hiel hilarysk. Ik ha sels lêst fan ekseem en herkende wol wat yn it boek. It famke besiket bygelyks fan alles om fan har psoriasis ôf te kommen, de sinnebank, salve en neam mar op. En dokters dy’t sizze: “Succes ermee. Je moet er maar mee leren leven!”, en dy dan wer gean litte. Fansels, sy ha gelyk, der binne slimmer dingen!’

Skamte is in boek dat foaral jonge fammen en memmen fêst tige oansprekke sil. De bân tusken mem en dochter stiet sintraal. In moai boek om te lêzen, seit Hetty. ‘Werris wat oars as de boeken dy’t ik foar myn stúdzje lêze moat!’

Moanne fan it Fryske Boek 2011

Posted by Peanstrakofje in Geen categorie | Leave a comment

Op 5 oktober 2011 yn de Alde Wite yn Dronryp: Hylke Speerstra en Auck Peanstra lêze foar út harren nijste wurk.

Nije roman: Skamte

Posted by Peanstrakofje in Geen categorie | 1 Comment

Yn augustus 2011 is de nije roman fan Auck Peanstra ferskynd: Skamte.

De skrik is grut as Anke har dochter Debby bewusteleas op bêd fynt: se hat harsels te koart dwaan wollen. Njonken de spanning fan de dagen op de Intensive Care, spilet ek de driuwende fraach: wêrom? Yn in weimoffele deiboek fynt se in antwurd op dy fraach en dat ropt by har oantinkens op oan har eigen bernejierren, dy’t tekene waarden troch soartgelikense gefoelens.

Fiksje mei autobiografyske eleminten

Fergees Tomkeboekje grut súkses!

Posted by Peanstrakofje in Geen categorie | Leave a comment

It boekje “It feestje fan Tomke”, skreaun troch Auck Peanstra, dat ta gelegenheid fan de Nasjonale Foarlêsdagen yn jannewaris 2011 fergees by de bibleteken ôf te heljen wie, wie binnen in wike útferkocht. It sil wol in sammelobjekt wurde, want… op is op!

It feestje fan Tomke

Posted by Peanstrakofje in Geen categorie | Leave a comment

 

Yn alle fêste bibleteken is fanôf 19 jannewaris 2011 it lytse Tomke-boekje ‘It feestje fan Tomke’, skreaun troch Auck Peanstra, te krijen. It Tomke-projekt bestiet al 15 jier en dêrom is it tema it hiele jier “Feest”. It Tomke-projekt bestiet al 15 jier en dêrom is it tema it hiele jier “Feest”.  It spesjale Tomke-útdielboekje wurdt ferspraat tidens de Nationale Voorleesdagen (19-29 jannewaris), om omtinken te jaan oan it foarlêzen yn it Frysk. Boppedat kinne âlders har bern dan fergees lid meitsje fan de bibleteek.  It Tomke-útdielboekje is allinne yn de bibleteek te krijen. Fansels kinne pake en beppe ek sa’n boekje ophelje, om harren bernsbern út foar te lêzen. It boekje is fergees: op = op!

Krystferhaal Blauwe eagen

Posted by Peanstrakofje in Geen categorie | Leave a comment

Yn de nije bondel fan de Afûk  “De waarmte fan desimber” stiet ek in krystferhaal fan myn hân:  “Blauwe eagen”. Dit is hiel geskikt foar minsken dy’t fan paranormale dingen hâlde…

Een bezoek aan basisschool OBS de Streek in Tjalleberd

Posted by admin in Nijs | Leave a comment

TJALLEBERD Schrijfster Auck Peanstra, bekend van onder meer ‘Tomke’, heeft dinsdag een bezoek gebracht aan basisschool OBS de Streek in Tjalleberd. Dit in het kader van de Kinderboekenweek. De leerlingen mochten de auteur vragen stellen. Zo wilden kinderen uit groep 1 en 2 graag weten hoe boeken gemaakt worden. Peanstra las tijdens haar bezoek voor uit eigen werk: Het verhaal uit het boek ‘Fertelle fan Jelle’, over een keutel in het zwembad bezorgde de kinderen veel pret. Als afsluiting kregen de leerlingen nog een handtekening.

Kantsjeboard op Kurasau

Posted by admin in Nijs | Leave a comment

Yn de searje De Traveliers sil yn 2010/2011 it twadde boek fan Auck Peanstra ferskine: Kantsjeboard op Kurasau!
Sa’t de titel al oanjout, spilet it spannende ferhaal him op dit tropyske eilân ôf.
Fardau hat drugs fûn en wurdt efterfolge troch kriminelen.
Yn oktober 2006 hat de skriuwster mei de Tomkewurkgroep in besite brocht oan dit prachtige eilân en sadwaande koe se eigen ûnderfinings yn it ferhaal ferwurkje.

—————–

In de serie De Traveliers zal in 2010/2011 het tweede boek van Auck Peanstra verschijnen: Kantsjeboard op Kurasau!
Zoals de titel al aangeeft, speelt het spannende verhaal zich af op dit tropische eiland.
Fardau heeft drugs gevonden en wordt achtervolgd door criminelen.
In oktober 2006 heeft de schrijfster met de Tomkewerkgroep een bezoek gebracht aan dit prachtige eiland en kon zo eigen ervaringen in het verhaal verwerken.

Jannewaris 2010 – Ienakter “Rûzje yn it spul”

Posted by admin in Nijs | Leave a comment

Ein desimber 2009 is by it StUFT de ienakter “Rûzje yn it spul” ferskynd. It stik spilet him áchter it toaniel ôf. It ferhaal draait om Jaap en Jolanda dy’t rûzje ha tidens de útfiering. De oare spilers besykje derachter te kommen wat der no krekt te rêden is, mar dat slagget harren net rjocht. Se betinke fan alles en it spyljen hat der slim fan te lijen. As sels de ynstekster de brui deroan jout, rint alles yn it hûndert. Oan de ein fan it stik blykt it oars te sitten as de spilers tochten… It humoristyske stik is skreaun foar it 25 jierrich jubileum fan de toanielferiening Mei Nocht en Ynset fan Bitgum/Bitgummole, mar it kin ek prima troch oare ferienings spile wurde.

Mear ynformaasje: www.stuft.nl
Depot Stuft (Afûkwinkel)
Bûterhoeke 3, Ljouwert
Woansdei-, tongersdei- en freedtemoarn fan 9.30 – 13.00 oere.
E-mail: g.vdwijk@afuk.nl
Til. 058-2343080

————-

Eind december 2009 is bij het StUFT de eenakter “Rûzje yn it spul” verschenen. Het stuk speelt zich áchter het toneel af. Het verhaal draait om Jaap en Jolanda die ruzie maken tijdens de uitvoering. De andere spelers proberen erachter te komen wat daar de reden van is, maar dat lukt niet echt. Ze bedenken van alles en het spel lijdt eronder. Wanneer zelfs de souffleur er mee stopt, loopt alles in het honderd. Aan het einde van het spel blijkt het allemaal wat anders te zijn dan de spelers hadden gedacht… Het humoristische stuk is geschreven voor het 25 jarig jubileum van de toneelvereniging Mei Nocht en Ynset in Bitgum/Bitgummole, maar het kan ook prima door andere verenigingen worden gespeeld.

Meer ynformatie: www.stuft.nl
Depot Stuft (Afûkwinkel)
Bûterhoeke 3, Leeuwarden
Woensdag-, donderdag- en vrijdagmorgen van 9.30 – 13.00 uur.
E-mail: g.vdwijk@afuk.nl
Tel. 058-2343080

Desimber 2009 – liet “Thús”

Posted by admin in Nijs | Leave a comment
Op 29 novimber wie de premiêre fan it liet “Thús” by it 55 jierrich jubileum fan it koar Jubilate yn Ingelum. De tekst is skreaun troch Auck, de muzyk fan har broer Oane en de koarsetting is makke troch Luuk de Vries. In nostalgysk liet oer in ferfleine bernetiid. It liet foel tige yn ’e smaak by it publyk. It bestjoer bea in ynlistke eksimplaar oan, dat hinget no by de tekstskriuwster, komponist Oane Peenstra en dirigint Luuk de Vries thús oan ’e wand.
Koaren dy’t ek belangstelling foar it liet ha, kinne ynformaasje krije fia info@auckpeanstra.nl.
  Thús
Tekst: Auck Peanstra.
1.
‘k Sjoch it hûs, myn âlde keamer,
jimmeroan yn âlde steat.
Ja, it wurdt wol hieltyd minder,
mar feroare is der neat.
En de plakken dêr’t ik boarte,
’t âlde skouke yn ’e feart.
’k Fyn myn hutte yn de strûkjes,
alle hjerstmis’ komt er bleat.

2.
’k Sykje ’t âlde paad nei skoalle,
mei myn freonen op ’e fyts.
Och, wat liken ’t fiere reizen,
mar wat is de wrâld no lyts.
Op ’e skommel yn ’e beammen,
fleach ik sûzjend op ’e wyn,
dreamend fan in spannend libben,
regelrjocht de takomst yn.

3.
Al dy kleuren, swiete luchten,
mem har grutte blommetún.
Heit, yn d’ alderâldste plunje
ferve ’t skeve hok wer brún.
Moaie bylden, leave lûden,
‘k ferjit se nea, wêr’t ik ek bin.
‘t Is in skat dêr ’k, tankber hoedzjend,
libbenslang op tarre kin. 

Refrein:
Ek al bin ik meast omfierren,
ik tink sa faak werom,
oan it plakje dêr’t ik berne bin,
dêr’t ik sa graach wer kom.
Dat pleatske oan ’e leane,
dat smûke âldershús.
Al kin ’k my oeral wol fermeitsje,
dat hús bliuwt altyd: thús.

—————-

Op 29 november vond de première plaats van het lied “Thús”, bij it 55 jarig jubileum fan het koor Jubilate uit Ingelum. De tekst is geschreven door Auck, de muziek van haar broer Oane en de koorzetting is gemaakt door Luuk de Vries. Een nostalgisch lied over een vervlogen jeugd. Het lied viel erg in de smaak bij het publiek. Het bestuur bood een ingelijst exemplaar aan, dat hangt nu bij de tekstschrijfster, komponist Oane Peenstra en dirigent Luuk de Vries thuis aan de muur.
Koren die ook belangstelling voor het lied hebben, kunnen informatie verkrijgen via info@auckpeanstra.nl.