Alter ego

Leave a comment

STERKE STIKKEN FAN IT TSJANTELGAT

Busreis
‘Ha jim moai fuort west?’ It is dé standertfraach nei de fakânsje, dêr’t sûndermis it standertantwurd ‘Ja, hear, prachtich!’ op folget. Mar foar my gjin Dalstra-reis wer!
Wat dogge je, as je gjin nocht ha om te autoriden, dingen út te sykje dy’t moai binne om te besjen, gjin gedoch ha wolle mei it regeljen fan yt- en slieperij? Krekt, dan boeke jo in organisearre reis. De earste kear giene we nei Skotlân. Prachtich lân, fariearre selskip dêr’t je al gau je kornútsjes fûnen. De twadde reis nei Dútslân: we wiene de jongsten, de âldste djip yn de tachtich dy’t we mei stok en al betiden fan en nei de toeristyske attraksjes slepe moasten.
De oare kear mar fytse, seine we, dat publyk sil grif jonger wêze by sa’n aktive reis. Mis! Allegearre fier yn de sechtich mei útsjitters nei tachtich. Mar fierder neat mis mei, hear. Allegear o sa fit en jûns noch tiden gesellich neisitte op it terras. Dit jier gie de reis nei Normandië, Tsjerk woe de ynvaazjestrannen noch altyd graach ris sjen. Tige nijsgjirrich, benammen troch de besiele Nederlânsktalige gids dy’t ús de hiele dei oeral bylâns loadste. En ek in soad oare moaie dingen sjoen. MAR…
It selskip wie noch âlder as de oare kearen; it duorre tiden foar’t de bus leech wie as de lading earne dropt waard. Je skammen je der suver foar dat je by dy ploech hearden. ‘Foardiel is’, sei Tsjerk optimistysk, ‘we binne altyd as earsten by de bar!’
In sjauffeur dy’t him beheinde ta it meitsjen fan flauwe grapkes nei de reisliedster en de fierdere praterij oerliet oan it net kwalifisearre frouminske. Sy balte sa no en dan wat ynformaasje de bus yn dy’t se neffens my in dei tefoaren noch op ynternet byelkoar google hie. Fan alles oer de skiednis, mar wat we hjoed de dei besjen koene, moasten we sels mar útfine. En altyd te let as der ûnderweis wat nijsgjirrichs te sjen wie!
As in stel rebelske pubers sakken we hieltyd fierder ôf de bus yn – draaiden wei foar it ferplicht opskikken fan alle dagen – om oan it domme geëamel te ûntkommen. De âldsjes fûnen it lykwols prachtich hoe’t it frouminske harren bepopke – ‘Hebben jullie je buikje weer lekker rondgegeten? Gaan we slaapjes doen’. Aldergelokst troffen we dêr in spantsje dat ek argewaasje hie fan it kliemske twatal foaryn en sa hiene we dochs noch in soad wille.
Mar foar my net wer sa’n fakânsje! Om myn part in survival yn de Ardennen, in walkabout troch Austraalje of cliffhingje yn Ingelân!
Tsjerk wol wer fytse, seit er. ‘Dat kin noch wol as we tachtich binne’, sei ik. ‘Dat hast no sels wol sjoen.’

Lêsklup
 Moandeitejûn, myn lêsklupjûn.  Fjouwer kear yn ’t jier lêze we allegear itselde boek en prate we der mei-elkoar oer. Hiel ferrassend hoe ferskillend at sa’n ploechje minsken oer itselde ferhaal tinke kin. Dizze kear hiene we it boek “Motormoeder” by de kop, in frou dy’t perfoarst gjin bern ha wol. In eigenaardich tema yn in selskip dêr’t it wimmelet fan de memmen en de beppes. Rindert syn oardiel wie ferneatigjend: ‘Neat oan!’ Healwei hie er it boek oan de kant smiten en net wer opfandele. Ada wie it mei him iens: ‘Praat om ’e nocht, gjin tou oan fêst te knoopjen.’ Mar doe de oaren: de iene noch opteiner as de oare. Twa oeren lang ha we praat oer de mem dy’t de motor as har bern seach. Ik tink dat Tsjerk it gefoel wol werkenne sil – ek al is er gjin lêzer – syn twatsjiller is him  hillich, al sil er net sa alderheislikst ûnfatsoenlik op it ding omjeie as de haadpersoan yn it ferhaal die  - aardich jonger, nammers – mei ik hoopje.

Alhiel yn de ban fan it boek rûn de temperatuer yn de keamer op. Ik tocht,  leit it him no oan my? De hiele wike al wat huverich, sloech de koarts no ta? Of kaam it fan de koekjes dy’t spesjaal foar my oantúgd wiene? Mar Rindert hie ek ien nei binnen skood, oan him wie net te bespeuren dat de waarmte him nei de holle stiigde. It wie as siet ik yn de Sahara! Allinne skynde de sinne net fan boppen, mar kaam er dúdlik út de ferwaarmingseleminten dy’t ûnder it finsterbank sieten. Temûk seach ik it selskip bylâns. Allegear noch like winterbleek as oars. Grouwe truien, festen, Gaatske mei de waarme omslachdoek om as wie it om it friespunt. Sels Ada, dy’t hast mei de kont op de ferwaarming siet, eage sa koel as in kikkert. It wie dúdlik, it lei him oan my. Stikem tocht ik oan de ôfspraken fan de oare deis. Ik moast dy lju ôfbelje, dit koe sa grif neat wurde mei dy foarlêzerij. Hie ik wol in telefoannûmer fan dat minske yn Minnertsgea? En stel dat ik hjir aanst raar waard, fan mysels falle soe, hoe kaam ik wer thús, ik wie mei de bilwein. Tsjerk siet op in gearkomste, syn mobyltsje soe wol wer yn de auto lizze… Wat panikeriger myn gedachten, wat switteriger ik waard. Temûk fielde ik mei in finger oan de foarholle: de switkobben stiene my op de kop! Mar ik liet neat blike, útsitte dy sesje! Stom dat ik dy dikke trui oan dien hie, waarmetruiedei hie it ommers al lang west, skreau Heije de foarige moanne yn Doarp en Sport.

Dy antymem en har motor koene my stellen wurde, ik woe nei hûs! Mar doe: gastfrou Djoeke spruts it ferlossende wurd: as we it te waarm fûnen, lei it him net oan ús mar oan har ferwaarming. Klomsk as se wie hie se de kachel goed opstookt en it duorre eefkes foar’t de temperatuer wer sakje soe. Se hie myn switdrippen wol opmurken, sei se wat beskamsum. En doe kaam de ûntlading. It die bliken dat it hiele literatuerfoarum lêst fan de waarmte hie, mar net ien hie der wat fan sizze doard. Dat it minske it yn it boek sa mâl die, wie fansels gjin frijbrief foar ús om alles mar te sizzen wat der yn ús opkaam. Gaatske smiet ferromme har brieddoek oer de rêchleuning, Ada doarst mei it boek te wapperjen en Setske knope har festje los – in unikum! Siet Rindert dêr no stikem mei in deodorantbus ûnder syn trui of ferbylde ik my dat? Ik fielde my ek frij om in bûsdoek út de tas te krijen en de boel te dweiljen. Wat in opluchting! Under grut applaus lieten wer ús nochris ynskinke en yndie: dy Bitgummooltsjes smakken tige!

Noch ien kear komme we byelkoar dit jier, dan sitte we lokkich by Gaatske. Ferhip! Dat is ek sa’n kâldklommer!

Paranormaal 

Op in moarn doe’t ik fan’t bêd kaam, begroete Tsjerk my mei de wurden: ‘Ik hearde fannacht in stim yn ’e keamer!’ Ik wie fuort wekker. ‘In stim? Fan wa dat!’ ‘It wie in frouljusstim. It kaam út ’e hoeke dêr’t de radio stiet.’ No is Tsjerk net gau fan’t sintrum, benammen ufo’s yntrigearje him tige, dat ik seach ferwûndere nei syn gesicht dat like bleek wie as de jonge tsiis op syn bôle. ‘Wat sei se!’

‘Dat wit ik net, ik koe it net ferstean.’ It liet my de hiele dei net wer los, gefoelich foar paranormale dingen as ik al bin. In skoft lyn wie der sa’n televyzje program mei in paragnost, dat hold my al sa yn de besnijing. De heldersjende seach oeral geasten. Hy fertelde dat we, as we in foto meitsje yn in tsjustere keamer, dêr wite baltsjes op sjen kinne, dat binne sielen fan ferstoarne minsken. Ik gie it eksperimint oan. En ja wier, ek by ús yn de keamer hongen in pear sniebaltsjes foar it gerdyn! Wa’t wiene wit ik net, my is net de jefte jûn om mei dat soarte fan folk kommunisearje te kinnen.

De stim hold har in pear wike stil, oant Bàuke op in jûn wat hearde. Wer in frouljuslûd, út deselde hoeke. No hinget dêr in foto fan ús mem – al jierren wei – dat ik krige de hope dat sy werom kommen wie mei boadskip út hegere atmosfearen. Mar ek Bauke hie de wurden net ferstean kinnen.  It fernuvere my wol dat de boadskipper har altyd manifestearre op tiden dat ik op ien ear lei. Myn manlju ha net folle mei sokke paranormale ferskynsels, ik wol! No is it fansels ek lestich om my op dat tiidstip yn de keamer oan te treffen – ik bin in moarnsminske, lis jûns al betiid op bêd.

Sa’t soks dan giet, it nijs giet derôf, je tinke der net mear oan.Trije wike letter: by it moarnsbrochje sei Tsjerk: ‘Ik ha fannacht de stim ek wer heard. Se hie it oer Sneeuwwitje.’ Net daalk in berjocht dat ik ferwachte hie. ‘It kaam út dy kast mei dat glêzen doarke. Wat stiet dêr eins yn?’ It mei dúdlik wêze wa fan ús oer de ynrjochting fan it hûs giet. ‘Boeken en sa’, sei ik fernuvere. ‘Sneeuwwitje, hie ’k tocht!’ Ik liet de bôle foar wat it wie en raamde de kast iepen. Yn ien eachopslach wist ik wa’t de dieder wie. Ik fiske it boek út de rige: in mearkesboek mei knopkes dêr’t de lêzer it ferhaal ek mei klinke litte kin. Folle fierder as twa lytse sintsjes kamen de batterijkes net mear, de enerzjy wie op. In teken dat se ferfongen wurde moasten? Dochs in boadskip? Mei in gefoel fan teloarstelling sette ik Sniewytsje, ûntdien fan de  elektryske knoopkes, wer op har plak yn ’e kast. Ik hie in boadskip fan ús mem aardiger fûn… 

Oppasse

 De knyntsjedagen fan Doutsje sitte der op, se moat wer oan it wurk.  En dat hâldt yn dat wy der in baantsje by ha: oppasse. No is soks gjin straf fansels, hast sa’n famke ris lekker hielendal foar dysels – eefkes werom yn de tiid doe’t de bern noch lyts wiene en nei dy harken. As sertifisearre learkrêft en betûft âlder soene je feitlik net oer sa’n oppasoerke yn sitte moatte, mar it is al wer jierren lyn dat ik  sa’n lyts popke op ’e earm holden ha. Boppedat, it is fan in oar, dat makket ek ferskil. Fansels sizze je soks net tsjin de bern: “Tuerlik dogge we dat eefkes!” Tsjerk moast har by de kres weihelje. No, dat is in ferhaal op himsels. We ha der foar de tiid hinne west te sjen, de rinrûte rûn, stekjes iepen en ticht dien, de namme fan de groep oefene – De Geesjes – je moatte fansels net mei it bern fan in oar thúskomme. En dat bernestuoltsje yn de riemen prutse, dêr allinne ha je al in byspikerkursus foar nedich. Mar goed, it protterke arrivearre neffens de boekjes yn Bitgummole, pake syn wurk siet der op, beppe wie no oan bar. Earst har mar út dy kypbak wrotte en yn de bernewein te sliepen lizze, dan koene wy  ite – it gewoane libben moat syn beslach fansels wol krije. Mefrou wie it lykwols net iens mei de gong fan saken: omwrotte, gûle. Under iten bestudearre ik it logboek fan de berne-opfang: om twa oere wie se pas wer oan in miel ta. Dat duorre noch in oere!  Noeky hie it net yn it kopke en jou har del. Ik seach it swerk al driuwen, de hiele middei mei sa’n jammerbultsje de keamer op en del, want it reinde dat in kuierke mei de bernewein wie gjin opsje. No bin ik dêr moreel ek noch net oan ta, wat in opskuor sil dat jaan yn it doarp: hast tritich jier troud en dan noch in lytsen? Ynienen kaam my it sliepsekje yn ’t sin dêr’t Doutsje my oer ferteld hie. “As se net sliepe wol moat mem har yn dat ding lizze, dan kin se net sa mei de hannen swaaie en sliept se gauwer”. It duorre eefkes foar’t ik har yn dat tinne mollefeltsje prutst hie – hoe moast dat ek al wer? Stom, Doutsje hie it my in skoftke lyn noch foardien! Mar hoe siet dat mei dat brede stik mei klittebân? Doe’t ik Noeky der ynwrotten hie – madam wurke net bot mei – ramaaide se nòch mei dy hantsjes om. Net goed, tocht ik. Dat de rits wer iepen, de earmkes ûnder de stive strook en de boel wer ticht. As in blok lei it bern! Se sliepte samar, hie fansels ek neat mear te ferstriken. Kreas op tiid foar de folgjende flesse waard se wekker. Ek fierders gjin maleur; it deiske poepruft bleau my besparre, faaks hat se my de earste dei wat mije wollen.

Oan de ein fan de middei kamen Doutsje en Harmen  om harren dochter op te heljen. Earst mar mei-ite, want Noeky lei noch altyd te snoarkjen. Doe’t it har tiid wer wie, helle Harmen har út de wein. ‘O, jo ha de hantsjes ek ûnder de bân dien?’, sei er wat eigenaardich. Doutsje ferskeat fan kleur, mines waard trije tinten reader. ‘Hie dat dan net moatten?’ ‘Nee!’, pipe Doutsje. Myn plak op de ranglist wie akút fiif plakken sakke, seach ik wol. ‘Se hat net protestearre, hear! Sa hat sliept as in murd!’ Harmen seach – sa as gewoanlik – de humor der wol fan yn. ‘As se sechtjin is en se wol net om lyk, dan sizze we: ‘Tink der mar om, oars bringe we dy by beppe, dy bynt dy wol fêst!’

                                                                                                 

In seare poat
Us hûn is kreupel, of teminsten, sa docht er. Al wiken hinket er mei de poat en is net foarút te brânen. Dat wy stean tiden te wachtsjen oant menear reewillich is om syn poat op te tillen, wat oars falle te litten of syn snút nei in oar rûkersplakje te ferhúzjen. En dat mei dit ûnhuere waar, dat is net goed foar de sûnens docht bliken. Tsjerk hat it al flink te pakken en snotteret as in gek. De hûn sels hat nammers nearne lêst fan, útsein syn poat dan. Om ús kondysje op peil te hâlden, it ytpatroan is ynsteld op in beskaat stik beweging, rinne we no geregeld sûnder hûn. En dat falt de minsken op. Krijst fragen ûnderweis: “Wêr is de hûn? Hûn dea?” Sels lytse bern falle deroer. Dus, dan mar wer útlizze. It ûnderwerp sels leit ûndertusken noflik op syn kleedsje by de ferwaarming te snoarkjen, in glimk om de bek. Fansels hat Tsjerk mei him nei de bistedokter west. Ik wie bang dat it slitaazje wêze soe, ik seach my al mei it bist yn in bernewein by de berms lâns skarreljen. (No kin dat net, want dat rydtúch stiet klear foar de pake- en beppesizzer dy’t út en troch op besite komt en dan in feilich plakje ha moat om te sliepen.) It minske koe neat fine. “It sil wol in ûntstekking wêze.” Dat mei in spuit yn de bealch (de hûn) en trije pûdsjes ferskillende pillen yn de bûse (Tsjerk) reizge manleaf wer nei hûs ta. Dokter fûn tafallich ek noch in bult yn de nekke, dêr waard in hapke úthelle en opstjoerd nei it lab. Hûndertfyftich euro earmer wer nei hûs en neat wizer wurden.Jim kinne begripe dat ús leafde foar de hûn al wat bekuolle is. Je sjogge der gewoan tsjinoan om mei it bist te kuierjen. We slepe it stomme dier mear dan dat er sels rint, je wolle nei trije kertier fansels wol graach wer nei de waarmte.

No hearde ik hokkerdeis in ferhaal dat my oan it tinken sette. In man soe syn deade hûn nei it krematoarium bringe. Hy hie it bist yn de doaze fan syn nije televyzje ferpakt. Op de hinnereis gie er noch eefkes foar in boadskipke by de Mediamarkt oan en parkearde syn auto op it grutte terrein foar de winkel. Ta syn grutte fernuvering ûntduts er doe’t er wer by de auto weromkaam, dat der ynbrutsen wie: de doaze mei de hûn miste út de wein. De dief sil wol frjemd op syn noas sjoen ha, doe’t hy derachter kaam dat net it nijste model platbyldtelevyzje foar it ljocht kaam, mar in deade hûn. Ik wit dat it net mei, en ik sil it ek net dwaan, mar is it no net frjemd dat dát ferhaal my hieltyd yn it sin komt as ik wer ris by in gersfjildsje stean te ferrekken?

Comments are closed.