Wolkom

Leave a comment

Auck Peanstra (Aukje Hoogland-Peenstra) is berne yn 1954, har bernetiid brocht se op in pleats op Sitebuorren ûnder Grou troch. In prachtich plak foar in bern om op te groeien. Natoer, wetter, buorkerij, frijheid. Letter hat se oantinkens út har jeugd beskreaun yn Sitebuorren myn eigen paradys. Nei de legere skoalle hat se de ULO yn Grou folge. Yn 1968 is se nei Warten ferfearn en gie se yn Ljouwert nei de Gemeentlike Opliedingsskoalle foar Beukerliedsters. Yn dizze snuorje hat se har earste fersen skreaun, guon derfan waarden yn de Lyrische Courant fan de Leeuwarder Courant publisearre.

Yn 1972 waard se oan de beukerskoalle Jong Martena yn Bitgummole beneamd, in jier letter sette se har yn Bitgum nei wenjen. Njonken har wurk hat hja de oplieding LO Frysk folge, en sa it Frysk, dat se de earste jierren fan de Master Wielsmaskoalle yn Grou folge hie, wer ophelle en útwreide. Sa’n tsien jier hat se oan dizze skoalle wurke, earst as liedster en de lêste jierren as haadliedster.

Yn 1981 is se troud en twa jier letter waard har earst bern berne, reden om ôfskie fan it wurk oan skoalle te nimmen. Doe’t har bern, in jonge en in famke, nei skoalle ta giene, hat se in kompjûterkursus folge en doe ûntstie al rillegau har earste boek ‘Melle moat in bril ha’. Hast alle jierren kaam/komt der in boek fan har út, by de Koperative Utjowerij te Boalsert en Venus silger, en by útjouwerij Afûk yn Ljouwert. Njonken it skriuwen is hja ek wer it ûnderwiis yn gien, nei in applikaasjekursus koe hja oan de basisskoalle lesjaan en hat se nei ynfalwurk in oanstelling krigen as faklearkrêft Frysk oan de Martenaskoalle.

De lêste jierren wurke se yn dieltiid yn groep 2, yn 2011 hat se it ûnderwiis foarwol sein en  en leit se har ta op it skriuwen en it jaan fan lêzings oer har wurk, op skoallen en by ferienings dêr’t se dan in hiele jûn fersoarget.

Se is ek sprekster by de Humanistyske Utfeart Begelieding, (tel 0517 417799) op dizze wize kin se minsken helpe dy’t sels gjin taspraak by in útfeart hâlde / skriuwe kinne.


Comments are closed.